Hea! fan 8 jannewaris 2013

  • Hamid Ashgari

Hamid Asghari hat sûnt dik in jier in kleanreparaasjewinkel yn Dokkum. Hamid komt út Afganistan en is no al 10 jier yn Nederlân. Der wie tsjin him sein dat der yn it noarden fan Fryslân gjin ien wennet, en dat der ek gjin wurk te finen is. Mar neffens Hamid kinne je oeral wol wurk fine as je wurkje wolle. Hy is tige grutsk op syn winkel.

Yn Wjelsryp sizze wy Goeie! tsjin in mem en soan dy't te fiskjen wolle. Soan Jort is gek op fiskjen en fynt it eins net sa leuk dat mem altyd de earste snoek fangt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)