Hea! fan 8 febrewaris 2016 18:20

Jan Waaksma is 74 jier en wennet op in lyts pleatske midden yn Ternaard. Hy hat in nêst mei sân pups en hy bringt de lytse jachthûntsjes sels grut mei de flesse. Hy hat der wol help by, want it is in behoarlike klus.

Jelle Lascher hat in lyts museum achter hûs mei sa'n 1000 miniatuer auto's. Jelle is in autogek en altyd al west. Eartiids wenne hy neist in garaazje en dêr sloech hy as lyts jonkje ek altyd al om. Jelle neamt it sels syn miniatuermuseum en it stiet yntusken ta de harsens fol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)