Hea! fan 8 desimber 2014 18:20

Johan Boonstra fan Balk hat in hiel bysûndere freon. Dy wachtet moarns betiid al op Johan of komt as Johan him ropt. Mar feitlik moat er fuort, want net alle minsken binne bliid mei him. Dus tja...wat moat Johan no mei syn kraai.

Foar Thirza Zwanenburg wie it leafde op it earste gesicht. Se sleept him oeral mei hinne, útsein as se hakken oan hat. Se is praktysk altyd te finen op har longboard en se fergeliket it mei 'sosjal media'. Fia longboarden hat se al har freonen kennen leard, sa ek Esmee van Veldhoven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)