Hea! fan 8 april 2015 18:20

In fûgeltsje-eilân meitsje yn De Fluezen by it Skar troch 250 kúb grûn oer in pontonbrêge te kroadzjen. Dat dogge de ynwenners fan It Heidenskip en omkriten om de fûgels harren briedplak werom te jaan. Se steane mei de kroade yn de file! En de fûgels; dy kinne net wachtsje oant harren briedplak klear is!

In keppel fan sawat 200 skiep weidet yn de beboude kom fan It Hearrenfean, want dan hoecht de gemeente der net te meanen. Untsnappe kin net, skieppehoeder Martin Reitsma en syn hûn soargje dat alle skiep wer mei nei hûs geane. En de hûn, in borderkolly, dy ferstiet allinnich Ingelske kommando’s

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)