Hea! fan 8 april 2013

Foarich jier kaam der in needgjalp út Eksmoarre. It grutte poppehûs soe ferdwine want De Spintol gie ticht! Foar in soad minsken sieten der moaie herinnerings oan it poppehûs, mar wat te dwaan om it te behâlden? Dik in heal jier letter is it gelokkich slagge. It poppehûs is ferhuze, hielendal nei Warkum. Dêr hat it no in plakje krigen yn it 'Museum voor kerkelijke kunst'. En út Eksmoarre kamen de minsken om it poppehûs wer op 'e nij yn te rjochtsjen.

Yn Goeie! wurdt der hjoed beamseage yn de Grote Wielen by Ljouwert, en mei in soad wille.

Yn Grou rydt sûnt koart in eigen taksy rûn. De eigener Atiq komt út Afganistan en hat al hiel wat meimakke. No rydt hy mei in soad wille yn syn eigen taksy, op syk nei klanten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)