Hea! fan 7 septimber 2013

  • Huib Heemskerk fan Starum

Huib Heemskerk fan Starum is âld binnenfeartskipper mar boud tsjintswurdich sels ek modelskippen. Mar hy mei graach op it wetter wêze mei syn eigen boat.

Yn Goeie! ditkear brêgewipper Ettema fan Dronryp. Wy treffen him óp de brêge oant it middeismiel.

En it gie 19 jier goed, mar foarige wike wie it mis. It sinnepontsje fan Suwâld rekke troch de grutte weagen fan twa binnenfeartskippen op 'e kant en rekke skansearre. In wike lang is der hurd oan wurke om de pont mei dit moaie waar wer sa gau mooglik yn 'e feart te krijen. Woansdei wie it einlik wer safier. Klas Hiemstra wie 19 jier lyn de earste pontskipper en sy mocht de sinneboat nei de reparaasje wer werom farre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)