Hea! fan 7 oktober 2014 18:20

It is alwer hast sechtich jier ferlyn dan de famkes fan De Gordyk byelkoar op de húshâldskoalle sitten hawwe. Hjoed komme se byelkoar om wer lykas earstiids meielkoar troch de âlde skoalgebouwen om te doarmjen, op de foto te kommen lykas doe en moaie oantinkens op te heljen.

Bern fan groep 6 en 7 fan de Otto Clantskoalle fan Boksum binne te gast op in soarchbuorkerij yn Blessum. Meielkoar is alles folle moaier, dat de bern hawwe fan alles betocht om de bewenners en de oare gasten in moaie middei te besoargjen en se helpe oeral by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)