Hea! fan 7 novimber 2016 17:35

‘Je ha wat om hannen en it hat resultaat.’ Alle dagen wer docht hy it mei genoegen. Pierius van Solkema hat yn de hjerst in wat út de hân rûne hobby. Hy hâldt de strjitten yn de Zwettewyk yn Snits safolle mooglik blêdfrij. Elkenien is tige bliid mei him en de kofje wurdt him ûnder it wurk op strjitte brocht. En buorman Sjoerd Vriesema hat in moaie limerick oer him makke.

Sjoerd Meekma fan Wytmarsum is by de kij opgroeid, mar moat no neat mear fan bisten ha. Syn grutste hobby is de brânwacht en yn syn garaazje stiet in pronkstik; de âldste brânwachtauto fan Wytmarsum. Syn frou Lieske is júst gek mei bisten. Sy fokt kninen en hie wol boerinne wurde wollen.

Hjerst yn Snits

As it waait dan hat Pierius van Solkema in soad drokte. Elke dei is hy de held fan de Zwettewyk yn Snits. Oeren is hy dwaande om de strjitten blêdfrij te krijen. En buorman hat in moaie limerick oer him skreaun.

Lieske en Sjoerd Meekma fan Wytmarsum

Sjoerd Meekma is grut wurden op de pleats, mar woe perfoarst gjin boer wurde. Syn frou Lieske hie júst hiel graach boerinne wurde wollen. Se is hielendal sljocht fan bisten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)