Hea! fan 7 novimber 2014 18:20

Cheyenne Visser is sân jier en is de alderjongste dragrace koereur yn de wrâld. Cheyenne fynt it leuk omdat is sa hurd giet...en se wol allinnich mar hurder. Se hat de 77 km yn de oere al helle.

Geertsje en Erwin Haytink binne de grutske eigeners fan de doarpskroech fan Blije. Sûnt maaie dit jier binne se aktyf yn dizze kroech en dêr ha je lef foar nedich, yn in tiid dat der in soad doarpskroegen ticht gean. It doarp is bliid dat har kroech der noch hieltyd is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)