Hea! fan 7 novimber 2012

  • Corrie Gedaan fan De Lemmer

Corrie Gedaan is al mear as 25 jier toiletjuffer yn it iepenbier toiletgebou fan De Lemmer. It seizoen is dien, en Corrie poetst noch foar de lêste kear de kranen en spegels. De badgasten binne gek mei Corrie, dat die mei har jubileum dit jier ek wol bliken. Dat kin ek hast net oars, want mei Corrie ha je altyd wille.

Mineke Bosma sammelet al jierren Lange Lijs diggelguod. It begûn ea mei kopkes en pantsjes op de rommelmerk, mar yntusken hat frou Bosma al hast alles fan Lange Lijs. Dit bysûndere wyt-blauwe diggelguod waard 115 jier lyn makke yn Maastricht. Hast de hiele kolleksje is no te sjen yn Fogelsanghstate, want ek oare samlers hawwe diggelguod nei Feankleaster brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)