Hea! fan 7 maart 2016 18:20

Nienke Woudstra fan De Gordyk is noch mar 12 jier mar mei no al nei it WK Acrogym yn Sina. Se foarmet tegearre mei Sanna Verhoeff en Ester van der Veen in ‘acro-trio’. Dat is eins in soarte fan sirkus-sport en dus spektakulêr om te sjen. De famkes traine wol 16 oeren yn de wike.

Theo Knoppers fan Ljouwert hat in wat út de hân rûne hobby of sa as hy sels seit in sûne sykte. Hy hat in samling fan mear as 11.000 LP’s. En hy wol noch net ophâlde mei keapjen!

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)