Hea! fan 7 maart 2013

  • Boele Tienstra

Boele Tienstra fan Easterlittens hat yn 40 jier mear as 40 skippen neimakke. Histoaryske rêdingsboaten en sloepen, mar ek it cruise-skip de Statendam. Dat grutte skip is bysûnder foar Tienstra, want dêr hat hy syn frou op kennen leard. In part fan syn skippen binne ek radiografysk bestjoerber, en Tienstra reizget hjir mei troch binnen- en bûtenlân. Hy is no mei syn lêste skip dwaande, de histoaryske rêdingsboat de Knokkels fan syn neef Marten Tienstra. Dit skip moat kommend wykein klear wêze, want dan binne hast alle skippen te sjen yn Hotel Oostergoo yn Grou!

Yn Leppehiem wurdt elke woansdei troch in groep froulju út folle boarst song. En net 'knaapje zag een roosje staan' mar moderne lieten! Under lieding fan Sander Metz mei syn gitaar komme net allinnich bekende nûmers fan Blof en Marco Borsato foarby, mar ek in Portugese hit fan Michel Telo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)