Hea! fan 7 maaie 2012

Yn winkel 'de Spintol' yn Eksmoarre wurdt al mear as 30 jier eigenmakke guod ferkocht. It is no tiid om op te hâlden, fine de froulju. Mar ien keamer yn de Spintol is eins ien grut poppehûs, dêr't alle froulju wol wat oan bydroegen hawwe. Betsjut de ein fan 'e winkel dan ek de ein fan it poppehûs?

It duorret noch in pear wiken foardat de Slachtemaraton op 16 juny wer rûn wurdt, mar oeral wurdt dochs al wurke oan 'e tariedings. Sa hawwe alle doarpen yn 'e buert fan de Slachte in eigen dykfak krigen om wat leuks mei te dwaan. Hitsum sil it tema ûnderweis útbyldzje mei koffers, en dêr is no de lêste hân oan lein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)