Hea! fan 7 july 2016 18:20

Patrick Koster en Peter van der Meer steane jûns net yn de sportskoalle mar jeie harsels leaver yn it swit mei skieppeskeare. Tegearre geane se by de boeren del om de skiep dy't no noch lamje moatte te skearen. En fansels geane se, sa no en dan, ek de striid mei elkoar oan. Wa fan de twa hat de skiep as earste út de jas?

Douwe Hiemstra seit it sels; "It is in út de hân rûne hobby"...Doe't in grutte stâl leech kaam te stean op syn eigen pleats is hy begûn mei it ferbouwen fan asperzjes. It is in bewurklike mar o sa'n moaie klus en syn "skuorre" metoade is unyk. Der binne net folle minsken dy't op dizze wize kweke...

Beide reportaazjes wiene it ôfrûne seizoen al te sjen by Hea!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)