Hea! fan 7 jannewaris 2013

  • Amelander Veerhuis

Yn Holwert is sûnt 1 jannewaris it Amelander Veerhuis ticht. Dit hotel/restaurant is al 30 jier yn hannen fan Henk en Ida van Duinen, mar ek foar harren hâldt it in kear op. Eltse woansdeitemiddei komme in pear fêste klanten nei it doarpskafee. Guon komme hjir al sa'n 20 jier foar in slokje en in spultsje biljerte. Sy kinne der dan ek wol om gûle dat it doarpskafee tichtgiet. It Amelander Veerhuis stiet al in skoftke te keap en de klanten hoopje dan ek dat der gau in nije eigener komt.

En wy sizze Goeie! yn Spannum, dêr't de jeugd winsket dat de auto's wat stadiger ride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)