Hea! fan 7 febrewaris 2013

  • De klok fan de Koepeltsjerke yn Wytmarsum

It is tradysje yn Wytmarsum dat de klok fan de Koepeltsjerke let wurdt as der ien ferstoarn is yn it doarp. It kloklieden wurdt no al hast 100 kear dien troch Melle de Witte en Jenne Koopmans. Beide manlju moatte in aardige klim meitsje om by de klokken te kommen.

Yn Burdaard treffe wy in groep bern op strjitte. It petear giet oer skoalle, ferkearing en it waar. Uteinlik wurdt der sels noch in toanielstikje opfierd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)