Hea! fan 7 febrewaris 2012

Mei de rollator op it iis
Hinke de Boer fan Tytsjerk is yn de sechstich, mar mei noch o sa graach reedride. No hat se in pear jier lyn har pols brutsen en omdat se benaud is dat dat wer bart, hat se in rollator mei izers meitsje litten. Neffens har is it ek handich foar de beppesizzers. Mar earst sil se sels mei har sus en de rollators sûnder tsjiltsjes it iis op...

De belslide fan pake
It gesin Wester fan Koudum hat twa belsliden yn de famylje: in lytse en in grutte. De grutte wie ea fan pake, dy't him meitsje litten hat. Syn pakesizzer Danielle bestjoert de lytse belslide, har mem sit op de grutte...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)