Hea! fan 7 desimber 2016 17:35

In rockband mei mear as 20 leden, hast allegearre al oer de fyftich. Dat binne de 'JB rockin' glasses'. Alle tongersdeitejûnen oefenje se yn it Honk yn Drylts ûnder lieding fan Jeroen Booy, de eardere drummer by Roberto Jacketti & the Scooters. Der binne gitaristen, bassisten, blazers, mar ek sjongers en sjongeressen by. Hast allegearre ha se eartiids wat mei muzyk dien, en pakke no de tried wer op. Se oefenje oant der in repertoire fan 15 nûmers is, en dan komme der ek echte optredens.

De skilderijen fan de ferstoarne naïve keunstner Ruurd Wiersma fleurje de kommende moannen de gongen fan de röntgenôfdieling fan sikehûs MCL yn Ljouwert op. It museumke yn Burdaard dêr't de wurken oars hingje is yn de winter ticht, en sa kinne folle mear minsken de keunst fan de skilderjende molkfarder bewûnderje. Frijwilligers begeliede de hiele 'ferhúsoperaasje'.

De 'JB rockin glasses'

De 'JB rockin'glasses' binne miskien al wat op leeftiid, mar alle tongersdeitejûnen oefenje de 20 leden as in wyld. Want de earste echte optredens foar de band steane foar de doar.

Keunstner Ruurd Wiersma yn it MCL

Frijwilligers fan it Ruurd Wiersma Hûs yn Burdaard binne drok dwaande mei it ferhúzjen fan in tal wurken fan dizze naïve skilder nei it MCL yn Ljouwert. Want dêr sille de skilderijen de kommende moannen te pronk hingje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)