Hea! fan 6 oktober 2016 17:35

Jierren is der oer praat en oan wurke, mar freed giet dan lang om let de Sintrale As iepen. Dizze wike is noch hurd wurke oan de lêste puntsjes op de i, en Hea! seach op de no noch lege, nije sneldyk tusken Dokkum en Nijegea.
Even werom yn de tiid, en de geur fan kofje en tabak opsnuve. Mear as 200 froulju komme freed yn museum Joure byelkoar om herinnerings op te heljen oan de tiid dat se op it Douwe Egberts-fabryk op'e Jouwer wurken. Yn de jierren '50, '60 en '70 wurken der hûnderten -faak noch jonge- fammen by D.E. dy't mei bussen rûnom wei ophelle waarden. In prachtige tiid, dêr't de 'D.E.-famkes' graach oan werom tinke.

Sintrale As

Der wurdt noch hurd wurke om alles foar elkoar te krijen foar de iepening fan de Sintrale As op 7 oktober. En dan giet der ek wolris wat mis...

DE-famkes helje werinnerings op oan doe

Marietje Zeldenthuis (73) en Hennie Koehoorn-Bos (74) binne twa fan de hûnderten saneamde DE-famkes dy't yn de jierren '50, '60 en '70 op it Douwe Egberts-fabryk op 'e Jouwer wurken. Marietje en Hennie helje werinnerings op oan in neffens harren prachtige tiid.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)