Hea! fan 6 novimber 2012

Gaele Landheer fan Warten hat in bysûndere koets meitsje litten. It is in lykkoets, dy't Landheer brûke wol by begraffenissen. Hy rydt al tsjin jier mei in lykkoets út Garyp, mar no't in begraffenis yn âlde styl hieltyd mear yn gebrûk komt woe Landheer graach syn eigen koets hawwe. It hat efkes duorre ear't de koets klear wie, mar no is it dan safier en makket Landheer foar ús syn earste rit yn fol ornaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)