Hea! fan 6 maart 2013

Kafetaria de Jong yn Beetstersweach is in bysûnder kafetaria. It liket mear op in húskeamer. Heit en mem De Jong wurkje hjir, mar ite hjir ek mei de bern. Elk hat hjir syn fêst plak. Ek pake en beppe, dy't it bedriuw begûn binne mar al betiid ferstoarn binne. Der is dan ek in stoel dêr't noait ien sit, dat wie de stoel fan pake.

Op pinkstermoandei wurdt ek wer de autopet-alvestêdetocht hâlden en de bruorren Arjen en Robert Witteveen binne der al wer drok mei dwaande. Net allinnich mei it autopetsjen sels, mar der binne safolle minsken dy't meidwaan wolle mar sels gjin autopet hawwe, dat se no noch gau in pear ekstra meitsje moatte foar de ferhier.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)