Hea! fan 6 july 2013

Gerrit Terbraak fan Boalsert hat mear as 25 jier it âld papier ophelle. Oeral en nergens en alle dagen seagen je Terbraak op syn fyts ûnderweis mei it âld papier. Mar no moat it mar dien wêze, want thús is der ek wol wat te dwaan. In pear adreskes bliuwe der noch wol oer, want hielendal sûnder kin Terbraak no ek wer net...

En út it Hea!argyf ditkear in reportaazje út de Hea! fan 13 april 2013:
By fysioterapysintrum Het Want yn Frjentsjer wurdt altyd hurd oefene troch de kliïnten, en hast altyd yn it gebou. Mar sa no en dan nimme fysioterapeuten Boudewijn en Arend de minsken mei nei bûten en ditkear gie it nei it Lauwersmargebiet. It binne echte trochsetters, dy't net bang binne om de grinzen te ferlizzen ....

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)