Hea! fan 6 jannewaris 2014 17:40

Jûn yn HEA! Op 29 desimber wie it Iepen NK Stockkar racen. Yn Marrum stride 29 mannen as hinget harren libben derfan ôf. Mei lytse formule 1 replika's binne se it hiele wykein dwaande mei tariedings, trainings en dan de grutte wedstryd.

Yn Koarnwert stiet de Koarnwertermûne. Der binne net safolle mûnders dy't yn 'e winter it wetter út de polder pompe, mar Martin de Jong en John Hutchinson dogge dat wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)