Hea! fan 6 febrewaris 2013

Hetty Sinnema wurket yn Oerterp frijwillich mei bisten én minsken yn de Fûgelhelling. It is der op it stuit net sa hiel drok, mar der binne wol in pear bysûndere klanten. In pear jonge hazzen, dy't yn 'e snie fûn binne.

Yn Goeie! binne we yn 'e Trynwâlden en prate we mei de minsken fan in famyljebedriuw. Se litte harren nije 'snieskuverke' sjen.

En Jetze Dijkstra fan Peazens mei graach yn syn skuorre sitte. Dêr stiet it nammentlik fol mei syn grutte hobby: âlde radio's opknappe. Sa'n lytse hundert hat er der stean en hy hat se hast allegear wer oan de praat krigen.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)