Hea! fan 6 desimber 2012

  • Frou De Witte

Yn Noardburgum skept frou De Witte alle dagen de stront fan har skiep fan it lân. Se skept it yn in amer en stoart dat ûnder har beammen wer út. Better foar de skiep, sei se. Ek yn hûs is se noch drok dwaande mei har skiep. Se spint de wol en weeft hjir lapen fan. Yn hûs stiet de tiid in bytsje stil. Siety de Witte hat gjin tillefoan en stookt alle dagen har houtkacheltsje.
En yn Ljouwert gean twa froulju fan it Leger des Heils alle tongersdeis op paad mei de sopfyts. Se bringe in waarm bakje sop nei de dakleazen en swalkers dy't se ûnderweis tsjinkomme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)