Hea! fan 6 april 2015 18:20

It is in samling fan mear as 150 stiks dy't je net elke dei sjogge. Frou Le Fevre is 97 en wennet yn de Oranjewoudflat op it Hearrenfean en sammelet aaien, allegearre beskildere. Se hat der elk jier wer in hiel wurk fan om se út de doazen te heljen en út te stallen. It sjocht der om de Peaskedagen yn alle fertrekken dan echt prachtich út.

Middenyn har mearkestún fol eigenmakke byldsjes en fûgelhúskes, wennet de 82- jierrige Mies de Roode. De keunstwurken fan de yn Oranjewâld hikke en teine keunstneresse besteane benammen út bisten en se fertelle allegearre in ferhaal. Mies fynt har bylden it moaiste as se begroeid binne mei mos en hieltyd mear fergeane. "Je moatte de natuer op syn berin litte", fynt se.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)