Hea! fan 6 april 2013

Ek al lei it iis noch op it wetter, yn Surhústerfean binne se drok dwaande mei it meitsjen fan skepiis. In bankier en in marketingman hawwe hjir mei in bakker in nije iisfabryk oprjochte. Tûzenen liters iis wurde hjir makke, yn allerhanne smaken.

Op camping Botniahiem yn Damwâld is it fan 'e wike noch hiel rêstich. Op it hiele fjild stiet mar ien caravan. Otto en Map Vermeulen lûke harren neat oan fan de kjeld. Se krûpe inoar wol wat tichter oan om it waarm te hâlden. Se komme fan Snits, net fier fuort want Map moat beskikber bliiuwe as dûmny. Se kenne inoar al sa lang at se âld binne, want de memmen wienen al freondinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)