Hea! fan 5 septimber 2013

  • Frou Prins op de trike

Dicky Prins fan De Westereen hat der jierren oer dien, it bouwen fan syn eigen trike. Syn mem hat altyd sein "Ast klear bist wol ik wolris in ritsje mei dy meitsje". En no is it safier en stapt de 85-jierrige frou Prins by har soan achterop syn trike.

Yn Snits leit midden yn in wenwyk in grut braaklizzend terrein. De bewenners hawwe in duorsum en sosjaal plan foar dizze grûn makke en de gemeente is posityf. It moat noch troch kolleezjes en rieden hinne, mar dan soe dizze grûn wolris in "shared grien space" wurde kinne. Jong en âld moat him dêr dan fernuverje kinne. It wurdt in beammeryk gebiet mei in fuotbal/follybalfjild. Der is in wylderyk, in grientetún, appelbeammen, parrebeammen, jeu-de-boule ensfh. Mar de ôfrûne dagen is it gers meand en koenen alle bern yn it hea!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)