Hea! fan 5 septimber 2012

Yn it prachtige natuergebiet de Rottige Meente wurdt kommend wykein in poëzy-festival hâlden. Om alfêst wat yn 'e stimming te kommen seach Hea! de Stellingwerver dichter Johan Veenstra en de Drintse dichteres Ria Westerhuis op it wetter alfêst oan it wurk. It like wol in Gryske trageedzje.

Yn Goeie! binne wy yn Surhústerfean dêr't in frou besite krijt. Har man hat dêr net sa'n nocht oan, en sil gau te fytsen.

En ta beslút litte wy alfêst wêr it nije 'Hea!like dei' filmkje sjen, dy't makke is troch Hea! ferslachjouwer Janko Krist.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)