Hea! fan 5 maart 2015 18:20

By de famylje de Boer yn Ferwâlde is in fiifling berne. Johan en Heabeltsje hawwe acht skiep foar de hobby en ien fan de skiep hat fiif lamkes krigen. It bart wolris faker, mar net hiel faak. Op dit stuit rinne se allegearre al en it sjocht der goed út. Se hawwe der in protte wurk fan, want de mem kin it allinnich net bolwurkje.

Ynkoarten is de Biddle Survivalrun yn Koatstertille. Op dit stuit wurdt der hurd wurke oan alle hindernissen. Der wurdt in hiel parkoers útset. Mei de knoopkeunsten fan de leden fan de Stifting Survival Kootstertille en grutte masines wurde de bystiden wol tûzen kilo swiere balken mei touwen teplak hongen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)