Hea! fan 5 juny 2013

  • Flotfarre yn Drylts

In dikke hûndert bern, mear as 100 meter flot en moai waar. Dat wienen juster de yngrediïnten fan it moaie middei yn Drylts. De bern fan groep 8 fan skoalle de Kogge woenen wolris wat oars by it ôfskied fan de basisskoalle. Sy woenen besykje om it wrâldrekôr flotfarren te ferbetterjen. Mar dêr wienen mear bern foar nedich fansels en dus kaam der stipe fan bern út Boalsert en út de legere groepen fan de Kogge. Mei in hiel soad oanmoedigers op de wâl moasten de bern der foar bealgje, want safolle meters houten flotten krije je net samar yn beweging!

Op It Hearrenfean binne de manlju fan Wiersma tintebouwers drok oan it wurk. Mar tiid foar in praatsje mei it Hea! team hawwe se noch wol. De manlju sizze sels dat se allegearre wol 'in tikje' hawwe, en ek hawwe se allegearre wol in bynamme....

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)