Hea! fan 5 july 2016 18:20

Daan Pootjes is in echte Skylger. Hy wennet op de alderlêste pleats op Easterein, tsjin de Boschplaat oan, hast oan see. Hy fokt Fryske hynders. Al op syn 15e kocht hy in Fryske merje. Allinnich foar de hynstekeuring giet hy twa kear per jier nei de fêste wâl. Mar jûns is hy dan wer thús.

De jierlikse kuier fan de skiep fan maatskip Van Sinderen út Ternaard is sa stadichoan in echte tradysje wurden yn it doarp. De 300 skiep stean yn in stik lân tusken Holwert en Ternaard en se moatte werom nei de stâl foar de lammerij. Mar dy stâl is wol fiif kilometer fierderop. De keppel skiep fan Van Sinderen hat noch in hiele tippel foar de boech.

Beide reportaazjes wiene it ôfrûne seizoen al te sjen by Hea!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)