Hea! fan 5 febrewaris 2014 17:40

Tritich jier lang wie Grietje Gall útsmiter by Bar-Dancing Don Pedro yn Frjentsjer. Mar hast gjinien koe har echte namme want elkenien neamde har Oma. Oma wie oant dat se der mei ophâlde de âldste portier fan Nederlân. Se wie gek op har wurk en de jeugd hie grut respekt foar har. Ferline wike waard Oma 91 jier. Se wennet no yn soarchsintrum Saxenoord yn Frjentsjer en Hea! socht har op.

En yn Goeie wurdt der ferhuze fan Ljouwert nei Dronryp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)