Hea! fan 5 desimber 2016 17:35

Hea! stiet hjoed folslein yn it ramt fan it Sinteklaasfeest. Yn Boarnwert komt Sint wol op in hiel bysûndere wize op skoalle oan: mei in parasjute! It doel wie dat hy op it skoalplein delkomme soe, mar troch de wyn wurdt dat yn de greide. Mar gelokkich wachtet der in waarm wolkom troch de bern fan basisskoalle Bernewird.
Berntsjes dy't yn it sikehûs lizze mei Sinteklaastiid wurde ek net fergetten troch de Goedhillichman. De hege besite bringt ek efkes wat ôflieding foar de pasjintsjes yn sikehûs Tjongerschans op it Hearrenfean. En we slute ôf mei in prachtich moai songen Hea!-liet.

Sinteklaas yn de Tjongerschans

Foar de sike bern yn sikehûs De Tjongerschans op it Hearrenfean is de besite fan Sinteklaas efkes in fijne ôflieding.

Sint makket yn bysûndere lâning yn Boarnwert

Sinteklaas hat yn 'e holle om dit jier mei in parasjute yn Boarnwert del te kommen. De bern fan basisskoalle Bernewird ha al strie foar him op it skoalplein dellein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)