Hea! fan 4 septimber 2014 17:40

Petra Buikstra fan Boalsert fiert dizze wike har 40-jierrige jubileum by Boomsma yn Ljouwert. Eltsenien kin it bedriuw Boomsma fansels fan de beerenburg en jenever. Mar Petra berêdt de wynôfdieling fan Boomsma. Doe't se as 19-jierrich famke by Boomsma binnen kaam as sekretaresse hie se noch nea in wyntsje preaun. Yntusken is se 'vinologe' wurden en de ûnmisbere rjochterhân fan it haad fan de wynynkeap.

Ut it Hea!-argyf sjogge wy hjoed nei de Hea!-ôflevering fan april dit jier.
Tseard van der Galiën makket syn hiele libben al muzyk. Yn syn garaazje stean ûnder oaren twa draaioargels dy't er sels makke hat. Yn 2012 ferstoar syn frou nei in lang sykbêd en sûnt dy tiid wie it stil en spile Tseard net mear. Mar sûnt koart hearre syn buorlju de oargelklanken wer.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)