Hea! fan 4 oktober 2012

It wie in frjemd gesicht, ôfrûne wykein op it waad. Keatsers oan it wurk midden op 'e Waadsee? Bekinde keatsers as Gert Anne van der Bos en Daniël Iseger gienen yn 'e koarte broek mei waadgidsen op paad om by leech wetter in perk te lizzen op in sânbank. De hurde wyn makke it keatsen noch in hiele toer.

En yn Goeie! trije bern dy't drok dwaande binne mei it sykje fan kastanjes út in tún. Ien fan de bern besiket wolris wat jild te fertsjinjen mei syn kastanjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)