Hea! fan 4 novimber 2015 18:20

Nederlânsk kampioen fitness en kapster, in bysûndere kombinaasje. Patries Tromp hat al 12 jier in kapsalon yn Skearnegoutum. En sy is ôfrûne snein Nederlânsk fitness kampioen wurden yn har kategory. Dit betsjut wol dat se in pear kear yn de wike al om 7 oere yn de sportskoalle is en om 9 oere yn de kapsalon.

Jos Lucassen is al sawat 30 jier frijwilliger op de buertbus yn Opsterlân. Hy fynt it riden prachtich want der is altyd wer wat nijs te hearren en te sjen. Boppedat is it belangryk dat de buertbus bestean bliuwt, sa seit hy, want je moatte der dochs net oan tinke dat hjir gjin iepenbier ferfier mear wêze soe.
En nije frijwillige sjauffeurs binne noch hieltyd tige wolkom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)