Hea! fan 4 novimber 2013 17:40

Yn Hea! nimt draafhynder Derek Buitenzorg it op tsjin de nagelnije jiskewein fan de gemeente Weststellingwerf. Derek waard troch de sportredaksje fan Omrop Fryslân kocht foar 100 euro en sa waard ús Derek rêden fan de slacht. Derek waard oplaat ta draafhynder en rint no wer koersen op de draafbaan yn Wolvegea. Sneon wie it wol in hiel bysûndere race want wa sil der winne? De technyk of de natoer, ús Derek of de jiskewein?

En Folkert Bakker hat it smoardrok op de keallekeuring yn Oentsjerk. Hy wasket, skeart en is och sa grutsk op syn keal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)