Hea! fan 4 maart 2016 18:20

Satu Ketellapper fan Wolvegea is 23 jier en giet no al de hiele wrâld oer. Har hiele libben draait om de country line dance. Satu set net allinnich har dûnsen sels yn elkoar, mar makket ek sels har dûnsklean.

Lammert Mink fan Sint Jansgea hat thús op in sliepkeamer it Frysk Muzykmuseum. Der lizze mear dan 300 stikken. Ek spilet hy sels dizze stikken noch wol op trompet of op ien fan syn fiif lúkharmonika’s.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)