Hea! fan 4 maart 2015 18:20

De hear Boorsma is krekt 80 jier wurden mar wurket noch altyd fiif dagen yn de wike yn syn eigen bedriuw. Hy jout mei in soad nocht lieding oan sa'n 65 minsken. Sa lang as syn sûnens it talit, wol er wurkjen bliuwe.

Yn it Martenahûs yn Frjentser is op dit stuit de útstalling "Pjutten en beukers, Friese kinderportretten 1550-1800" te sjen. Yn de maitiidsfakânsje kaam skilder Jaap van Dijk fan Tsjummearum op it idee om yn it Martenahûs berneportretten te tekenjen fan de bern dy't dêr kamen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)