Hea! fan 4 febrewaris 2015 18:20

Sjoerd Holtrop is 93 jier en superaktyf. Hy is trije kear yn de wike op de jeu-de-boulebaan op 'e Jouwer te finen, mar ek bowlt hy noch trije kear yn de wike. Hy rint jûns noch wol gauris en hy sit ek noch faak op syn souder om op syn oargel te spyljen.

Acht skitterjende 'glamourskonken' binne makke troch de froulju fan it breidkafee De Steek fan Hurdegaryp. It is in spesjaal keunstprojekt dêr't se oan mei dogge. Wykliks sitte se mei in moaie ploech byelkoar en meitsje foar alle goeie doelen en eveneminten wol wer nije nifelwurkjes.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)