Hea! fan 4 febrewaris 2013

Douwe Kieviet fan Nij Beets hat jong libben yn 'e stâl. Hiel ûngewoan foar de tiid fan it jier is de berte fan in geite-fjouwerling. Kieviet hat minder bisten yn 'e stâl as oars. Hy is oan it ôfbouwen want hy is slim siik. Al 42 jier hat hy kanker en hy hâldt der rekken mei dat it ynkoarten foar him dien is. Kieviet hat it der dreech mei, want hy hie noch wol 10 jier fierder wold. De bulten âld izer op it hiem kinne dan ek net fuort, want dan liket alles dien en Kieviet wol noch meimeitsje dat syn geitsjes bûten omspringe.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)