Hea! fan 4 desimber 2013 17:40

Syb Bouius, Daniël de Jong, Wiebe Haringsma en Jacob de Jong sitte noch wol even op 'e Pikmar. Idaerd hat de baggerbeugels fan it Fryske Marreprojekt yntusken trochjún oan Grou en op dit stuit wurdt de Pikmar útbaggere troch de fjouwer manlju. Se fine it in machtich moaie klus en se binne net earder klear as de farwegen op 'e mar wer in djipte ha fan twa meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)