Hea! fan 4 april 2013

  •  boer Jorna yn Dronryp

Boer Jorna oan de Keimpetilsterdyk yn Dronryp hat noch in echt bûthús. Syn dikke 60 kij stean dêr noch op stâl mei de sturten fêstbûn. Jorna buorket sa al jierren, sa as ek syn heit en pake it al dienen. En de folgjende generaasje? Boer Jorna hat fjouwer dochters.

It is hjoed de ynternasjonale dei fan de wylde hûnen. Kitty Switijnk fan Harns komt op foar dizze bisten, dy't faaks min behannele wurde. Sels hat se trije hûnen. Ien komt fan Skylge, mar de oare twa binne spesjaal adoptearre út Litouwen en Spanje. Kitty sammelet ek iten en oar guod yn foar de hûnen yn Roemenië. Mear ynformaasje? sjoch www.dogsadoptionnederland.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)