Hea! fan 4 april 2012

Homme Jan de Groot fan Hilaard hat mei syn freonen in hutte boud. En net samar in hutte... Hy is makke yn in grutte bult klaai. De bern binne dan ek net benaud om fize hannen te krijen.

It Karmelkleaster yn Drachten hat in grutte tún. Eltse freed komme der frijwilligers nei de tún om dêr it wurk te dwaan. En dat al mear as tsien jier. Se komme foaral foar de gesellichheid en it túnkjen. Mar of it plak se ek yn hegere sfearen bringt?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)