Hea! fan 31 oktober 2016 17:35

Grizelige tastannen yn de bosken om Bontebok hinne sneontejûn. Twahûndert besikers lieten harren dêr by de Spûketocht bangmeitsje troch meunsters, geasten en spûken. De tocht troch de bosk, organisearre troch Bokcity'10, wurdt alle jierren grutter. Tsientallen frijwilligers dogge harren bêst om alles sa yslik mooglik te meitsjen..
Ferstoppe achter it Ljouwerter Vliet, sit de smidderij fan Roelof Lens. Al hast tachtich, mar Lens stiet noch alle dagen achter syn ambyld. Foar spesjalistyske putsjes witte bygelyks skippers him noch wol te finen. En Lens wol ek graach sa lang mooglik trochgean.

Spûketocht Bontebok

De grizels fan de Spûketocht fan Bontebok jeie elkenien de skrik op't liif. Mear as twahûndert dielnimmers oan de tocht troch de bosk litte harren graach bang meitsje. In grut súkses foar de organisaasje.

Smid Roelof Lens

Roelof Lens is hast tachtich, mar stiet noch alle dagen mei leafde achter it ambyld. Syn smidderij sit ferstoppe yn de binnenstêd fan Ljouwert. En dêr makket Lens noch graach moaie izeren foarwerpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)