Hea! fan 31 maart 2014 17:40

Ame Kooistra en Wiepie Nijboer fan Timme Skilders hawwe in moaie put yn Boalsert. De brêgeleunings oan de grêften yn de âlde binnenstêd wurde troch it duo wer hielendal as nij makke. Ame makket de stangen skjin, Wiepie skjirret se en dan komt Ame wer mei de ferve. Mar lêst fanelkoar hawwe se net, want de iene stiet bûtendoar, wylst de oare binnendoar oan it wurk is. En sa hawwe se it ek it leafst.

Jaap Adema is 88 jier en widner. Hy wennet allinne yn Ferwert. Syn sûnens lit him wat yn de steek en dêrom helpe Beau en Jan him mei ferskate putsjes yn en om it hûs. Beau en Jan dy't op it Dockinga College sitte, helje sa harren maatskiplike staazje en 'Pake Jaap' krijt help. Tagelyk leare se wer fanelkoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)