Hea! fan 31 maaie 2016 18:20

Mitchell Arendsz is in jonge fan mar in bytsje praat, mar mear fan it gas op de planke. Syn heit hat him oanstutsen doe’t hy fjouwer jier wie. Mitchell is in soad te finen op de motorcrossbaan en rydt de grutte jonges sa foarby.

John en Suze Bonnema ha wat mei de leafde en mei de Slachte. Yn 2003 ha se inoar kennen leard en binne oan it trainen gongen foar de Slachte fan 2004. Yntusken binne se troud en ha se twa bern krigen. De kommende Slachte sille se de tocht foar it earst wer rinne want dêr is no wer tiid foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)