Hea! fan 31 augustus 2013

Wytze Peenstra is ynspekteur by Monumintesoarch. De moaiste baan dy't er ea hân hat seit er sels. Hy komt op de meast bysûndere plakken fansels. Hjoed is der op park Vijversburg yn Tytsjerk. Dêr stapt Wytze net allinnich yn in boatsje om de brêgen te ynspektearjen, mar moat ek de ljedder op.

En út it Hea!-argyf fan 29 maaie 2013:
By kringloopwinkel Emmaus yn Jistrum wurket in bysûndere frijwilliger. Gerrit Wiersinga is al dik yn 'e 80, mar komt noch altyd in pear dagen yn 'e wike mei de taksy nei Jistrum. Dêr hat hy it foaral drok mei it ferfier fan guod nei Roemenië. Doe't Wiersinga noch frachtweinsjauffeur wie, ried hy sels it guod nei dit lân. No is hy foaral goed yn it laden fan de frachtwein, oant it lêste gatsje ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)