Hea! fan 30 oktober 2012

  • Pompoenen yn Earnewâld

It is pompoenetiid! In grutte groep bern kaam ôfrûne tongersdei nei it besikerssintrum fan de Alde Feanen yn Earnewâld om kreatyf mei de pompoenen oan 'e slach te gean. En omdat it moarn ek Halloween is, wie it net dreech om te betinken wat je der fan meitsje kinne.

Frank Wierstra út Burgum hie syn auto rôze spuitsje litten nei de oerwinning fan Pieter Weening yn de Giro yn maaie 2011. De rôze auto rekke hiel bekend mar hat no syn lêste ritsje makke. By in sloopbedriuw is de auto ûnklear makke en dêrnei gie hy op transport nei de fytsewinkel fan Frank, syn lêste bestimming.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)